Aris ûnderút yn lêste sekonde

Aris Ljouwert © Omrop Fryslân
Basketbalploech Aris hat troch in skoare yn de lêste sekonde de slach fan it Noarden fan Grins ferlern. Troch in trijepunter fan Dourisseau wûn Grins mei 90-87.
Yn in spannende wedstrijd gong it hin en wer. Grins hie faak in foarsprong, mar Aris kaam hieltyd wer werom. Troch de oerwinning hat de nûmer trije Grins no acht punten foarsprong op Aris, dat fjirde stiet.