Minder keamerferhier Ljouwert

Ljouwert (hjir op argyffoto) © Omrop Fryslân
Ljouwert leit it tal gebouwen dêr't keamerferhier plakfynt oan bannen. It kolleezje fan b. en w. fan Ljouwert hat besletten dat tenei noch mar fiif persint fan de wenningen yn in postkoadegebiet brûkt wurde mei foar keamerferhier. Dit wie oant no ta tsien persint.
It CDA hie him hjirfoar hurd makke. Studintehúsfesting sil safolle mooglik op en rûnom de kenniskampus fan de twa hegeskoallen komme. Oanlieding foar de maatregel is dat omwenners fan studintehuzen geregeld kleie oer oerlêst en min ûnderhâlden wenningen.