Fryske riders yn team Sotsji

26 feb 2013 - 19:08

Reedriders Sven Kramer, Jorrit Bergsma, Jan Blokhuijsen en Koen Verweij binne troch it reedridersbûn KNSB selektearre om har ta te rieden op de ploege-achterfolging foar de Olympyske Spelen yn Sotsji.

Der binne oant de spelen noch seis ynternasjonale wedstriden foar de ploege-achterfolging. De KNSB wol troch trainen, wedstriden ride en perfeksjonearen besykje om yn Ruslân de haadpriis te pakken. It smyt neffens it bûn neat op om hieltyd oare kombinaasjes fan riders te probearjen.

By de froulju bestiet it team út Ireen Wüst, Marrit Leenstra, Linda de Vries, Diane Valkenburg en Jorien ter Mors. Nij is dat bûnscoach Arie Koops sels op it iis de coaching docht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)