Clemenstsjerke tichtmakke

26 feb 2013 - 16:49

Op It Amelân wurdt drok wurke om de muorren fan de ôfbaarnde St. Clemenstsjerke dy't der noch stean, ticht te meitsjen. Monumintesoarch hie it advys jûn om mei hout de muorren ticht te timmerjen sadat der gjin focht yn komme kin.

Sagau't de muorren ticht binne, kin neffens pastoar Verheijen begûn wurde mei it oprêden fan it pún yn de tsjerke. Sûnt de brân, begjin febrewaris, is alles lizzen bleaun. Tsjerketsjinsten wurde op 't heden yn in bygebou hâlden.

Foar de simmerperioade, as 350 Dútse bern nei it eilân komme om fakânsje te fieren, is ek al in oplossing fûn. Sy wurde opfongen yn in gebou fan rekreaasjepark Klein Vaarwater.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)