Besuniging better koördinearje

De besunigings op rykstsjinsten yn krimpregio's moatte better koördinearre wurde, oars wurde de gefolgen foar in provinsje as Fryslân te grut. De PvdA-Twadde Keamerfraksje tsjinnet dêr tiisdei in moasje oer yn. Minister Blok fan Wenjen en Rykstsjinst soe derfoar soargje moatte dat net alle wurkgelegenheid út ien regio ferdwynt, fynt de PvdA.
Besunigings op de rykstsjinsten yn Fryslân binne tige aktueel, bygelyks de ferhuzing fan it Iepenbier Ministearje nei Grins, de ûnwisse takomst fan finzenis De Marwei en de fleanbasis yn Ljouwert.