Jasper S. sjocht op tsjin saak

26 feb 2013 - 12:40

Japers S. sjocht op tsjin de rjochtsaak fan woansdei. Dat seit syn advokaat Jan Vlug. S. sjocht der benammen tsjinop de famylje fan Marianne Vaatstra ûnder eagen te kommen.

De rjochtbank yn Ljouwert ferwachtet in soad belangstelling by de earste echte rjochtsitting yn de saak-Vaatstra. Fertochte Jasper S. fan Aldwâld moat dan yn in proformasitting foar it earst terjochte stean foar de ferkrêfting fan en de moard op Marianne Vaatstra. De saak wurdt noch net ynhâldlik behannele. Dat bart pas oer in pear moanne.

It Iepenbier Ministearje komt woansdei mei de oanklacht tsjin Jasper S. Der wurdt in soad parse ferwachte op dei fan de proformasitting. Sawat tritich kranten en omroppen hawwe harren no al oanmeld om ferslach te dwaan.

Trefwurden: 
Vaatstra Jasper S. proforma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)