Ekonomy krimpt 0,8%

26 feb 2013 - 12:32

De ekonomy yn Fryslân krimpt dit jier mei 0,8 persint. Dêrmei docht Fryslân it, mei Drinte, Seelân en Limburch it minste fan hiel Nederlân. Dat docht bliken út sifers fan it ekonomysk buro fan de ING. De Rânestêd en Flevolân dogge it relatyf goed. Dêr is amper krimp.

Neffens de ING komme de regionale ferskillen troch de befolkingsgroei. Hoe mear ynwenners oft in regio hat, hoe mear der konsumearre en útjûn wurdt. Dat wurket posityf út op de ekonomy. Fryslân, Drinte, Seelân en Limburch hawwe op dat mêd ek te krijen mei krimp.

Foar takom jier wurdt mear groei ferwachte.

Trefwurden: 
ING ekonomy krimp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)