Rjochtsaak oer aaisykjen

Ljipaai © ANP
De rjochter docht tiisdeitemiddei om 3 oere útspraak oer aaisykjen. De Faunabeskerming wol dat de provinsje de ûntheffing foar it aaisykjen ynlûkt op grûn fan de delgong yn it tal ljippen. Neffens fûgelbiolooch Theunis Piersma, dy't as tsjûge foar de Faunabeskerming it wurd die, rint it tal ljippen alle jierren mei 3,4% werom.
De provinsje en it Bûn fan Fryske Fûgelwachten bestride dat. Dy beweare dat it de lêste jierren krekt better giet mei de ljip.
As de rjochter beslút dat de provinsjale ûntheffing dochs jildt en it aaisykjen dus noch wol mei, kinne de aaisikers, krekt lykas oare jierren, op 1 maart it fjild yn.