Boskplaat mooglik tsjusterpark

26 feb 2013 - 11:10

Natuergebiet De Boskplaat op Skylge wurdt mooglik it earste tsjustereloftpark fan Nederlân. Sa'n park moat nachts roettsjuster wêze en der moatte geregeld aktiviteiten foar publyk hâlden wurde. De betinker fan it projekt is de Skylger rekreaasjeûndernimmer Melis de Vries. Doe't er fan de tsjustereloftparken hearde, like it him in goed idee om de Boskplaat dêrfoar oan te melden.

De kommende moannen wurdt in helberheidsûndersyk dien foar it idee. It idee komt út Amearika.

De Amerikaanske organisaasje International Dark Sky Association beslút úteinlik oft it natuerpark op Skylge de status 'tsjustereloftpark' kriget. Dat sil nei alle gedachten ein dit jier wurde. Op 't heden binne der oer de hiele wrâld tsien tsjustereloftparken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)