PvdA Harns: soarch oer skoalle

26 feb 2013 - 08:57

De Partij van de Arbeid-fraksje fan Harns keart him tsjin it idee fan de ûnderwiisried om skoallen mei minder as hûndert learlingen te sluten. De partij makket him soargen oer de skoallen yn Winaam en Mullum. De skoalle fan Winaam moat op 1 augustus 2014 ticht, omdat it tal learlingen ûnder de hjoeddeistige opheffingsnoarm fan 23 learlingen sit. De bern moatte dêrom takom jier nei de basisskoalle yn Mullum, in pear kilometer fierderop. Mei-inoar hat de skoalle yn Mullum dan krekt mear as hûndert learlingen.

Mar as de befolkingskrimp yn Noardwest-Fryslân trochset, kin ek de skoalle yn Mullum gefaar rinne, sa warskôget de PvdA fan Harns.

Trefwurden: 
Harns Winaam PvdA skoallen Mullum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)