Nei rjochter om beammekap

25 feb 2013 - 23:11
  • Beammen by spoar yn Camminghabuorren
  • Beammen by spoar yn Camminghabuorren

Bewenners fan de wenwyk Camminghabuorren yn Ljouwert spanne in koart pleit oan tsjin de gemeente. Se binne it net iens mei it ferlienen fan in kapfergunning oan ProRail. Dy is fan doel om 85 beammen om te heljen omdat se in gefaar foarmje foar de feilichheid op it spoar.

De gemeente hat 27.500 euro krigen fan ProRail om de saak opnij oan te plantsjen. Mar de bewenners wolle har noch net by de fergunning dellizze en stappe nei de rjochter om de saak te kearen.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)