Opknapbeurt Julianaleane

De plannen om de Julianaleane yn Ljouwert op te knappen binne klear. Moandei waarden de tekeningen presintearre oan de bewenners en de earste reaksjes binne posityf. De bewenners kinne noch meiprate oer guon saken lykas de ynrjochting fan de krusings. Der komme mear grienstroken mei beammen, de fytspaden krije in reade kleur en der komme parkearfakken yn de twa sutelwegen. De Julianaleane wurdt griener en feiliger. It wurk moat yn 2016/2017 klear wêze.