Jong It Fean wint yn 2e helte

25 feb 2013 - 21:45
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

Jong Hearrenfean hat troch in 4-0 oerwinning op Jong NAC Breda de kopposysje ferstevige. De ploech fan trainer Jan de Jonge stiet no seis punten 'los' fan de konkurrinsje. Tsjin Jong NAC gong it yn de earste helte stroef, de 0-0 by it skoft sei genôch. Nei in machtich skot fan Marco Pappa op de latte, fersulvere Luciano Slagveer de weromspringende bal. Doe wie it iis brutsen. In eigen doelpunt fan NAC en opnij Slagveer en Michael Chacon soargen foar de 4-0 einstân. Jong Hearrenfean hat no njoggen kear wûn, twa kear lykspile en ien kear ferlern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)