PvdA wol lytse skoallen hâlde

De earste oere stake de learkrêften basisûnderwiis © ANP XTRA
De PvdA wol dat lytse skoallen bestean bliuwe. Yn in stik op de webside fan de partij stiet te lêzen dat de PvdA it net iens is mei it advys fan de Underwiisried dat de ûndergrins fan in basisskoalle op hûndert learlingen komme moat. No is dat noch 23.
De PvdA fynt dat in lytse skoalle yn in lytse mienskip fan ûnskatbere wearde is. Dat lytse skoallen mear jild kostje is neffens de partij net wier.