Auto yn sleat by Feinsum

25 feb 2013 - 16:23

By Feinsum is moandeitemiddei in auto de sleat yn riden. Dat wie op de trochgeande dyk rjochting Holwert. De auto wie troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk rekke en yn it wetter kaam. De froulike bestjoerder kaam nei it ûngelok klem te sitten. Se moast der troch de brânwacht útknipt wurde. Dêrnei koe se sels by de sleatswâl op komme mei stipe fan ambulânsepersoniel.

Trefwurden: 
auto sleat Feinsum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)