Biblioteken ferlieze leden

25 feb 2013 - 14:31

De biblioteken yn Fryslân binne yn 2012 opnij tûzenen leden kwyt rekke. Fan alle leden seine 3,5 prosint op. Boppedat waarden ek folle minder boeken útliend. Dat docht bliken út de jiersifers fan de biblioteken dy't oer in pear wiken offisjeel bekend makke wurde.

De delgong yn it ledetal hat neffens de biblioteken benammen te krijen mei de konkurrinsje fan ynternet. Troch yn de takomst mear yn te setten op digitale boeken wolle de biblioteken besykje de lêzers werom te krijen.

Trefwurden: 
biblioteek sifers leden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)