Hurdrider pakt by Wurdum

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintejûn op de N32 by Wurdum it rydbewiis fan in 30-jierrige man út Ljouwert yn beslach naam foar hurdriderij. De Ljouwerter stode dêr del mei in gong fan 122 kilometer yn 'e oere, wylst op dêr op syn hurdst 70 riden wurde mei.
By Wurdum wurdt op 't heden wurke oan de oanlis fan de nije súdlike rûnwei om Ljouwert hinne. Dêrom mei der net hurd riden wurde. De plysje kontrolearre mei in lasergun.