'Vitens net privatisearje'

De PVV-steatefraksje is ûngerêst oer it stânpunt fan de Europeeske Kommisje yn Brussel om wetterliedingbedriuwen te privatisearjen. De partij stelt dêr fragen oer oan DS. Se wolle fan de provinsje witte oft drinkwetter sjoen wurdt as in iepenbiere nutsfoarsjenning. In oare fraach is oft de provinsje mient dat Fryslân as wetterprovinsje in selsstannige, ûnôfhinklike posysje behâlde moat yn de wettersektor.
De partij fynt dat de provinsje as grutoandielhâlder by Vitens syn posysje útwreidzje moat om drinkwetter yn Fryske hannen te hâlden.