Friese Koers wol aksje ekonomy

Wenningbou
De steatefraksje fan Friese Koers wol dat de provinsje Fryslân yn aksje komt om foar te kommen dat de Fryske ekonomy fierder yn elkoar klapt. Sa wol de partij ûnder oaren dat de provinsje tritich miljoen euro útlûkt foar de regionale wenningbouferienings foar nijbou fan hierwenningen. Ek wol Friese Koers dat de provinsje fiif miljoen euro beskikber stelt foar minsken sûnder wurk dy't in oar fak leare wolle. Fierders freget de partij bygelyks as de provinsje ree is om startende ûndernimmers te stypjen mei in bedrach fan fiiftûzen euro.