Ferlies Flyers nei ferlinging

© Nicolien Sijtsema
De Unis Flyers ha sneintejûn yn de ferlinging mei 2-1 ferlern by Geleen. De perioadestannen: 1-0, 0-1, 0-0 en 1-0. It kommende wykein spylje de Flyers de lêste twa reguliere wedstriden yn de kompetysje, sneon thús tsjin Den Haach en snein de útwedstriid yn België tsjin Herentals. Dêrnei begjint de heale finale fan de play-offs. Tilburch is dan de tsjinstanner fan de Flyers. De oare heale finale giet tusken Geleen en Den Haach.