Ferset PvdA lytse skoallen

De PvdA yn Achtkarspelen komt yn ferset tsjin it advys fan de ûnderwiisried om skoallen mei minder as hûndert learlingen te sluten. De partij sil in moasje yntsjinje yn de ried fan Achtkarspelen en dêryn oproppe ta aksje fan alle politike partijen yn it Noarden. Neffens de PvdA is de stelling fan de ûnderwiisried dat in skoalle mei minder as hûndert learlingen gjin kwaliteit biede kin net wier. It grutste part fan de skoallen dy't ûnder dizze grins sit foldocht oan de noarm fan de ynspeksje.