De Jong en Anema pakke brûns

24 feb 2013 - 16:33

Antoinette de Jong, Reina Anema en Jade van der Molen ha snein mei de Nederlânske frouljusploech it brûns pakt op de efterfolging by it WK junioaren yn Collalbo. De froulju wienen yn de striid om it tredde plak in stik rapper as Ruslân. Mei in eintiid fan 3.14.22 wie de foarsprong op de Russinnen (3.21,14) hast sân tellen.

By de kwalifikaasje ried it Nederlânske trijetal in flakke race, wêrmei't se útkamen op in tiid fan 3.17.11. Dat wie lykwols net genôch foar in plak by de earste twa, wêrtroch de froulju de finale misten.

De titel gong úteinlik nei Japan. Yn de finale joech it Japanske trijetal mei in tiid fan 3.12,97 de nûmer twa Súd-Koreä (3.16,12) it neisjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)