Deade út wetter helle yn Snits
Sneintemiddei is yn Snits troch helptsjinsten it lichem fan in noch ûnbekende man út it wetter helle. Dat wie oan de IJlsterkade yn it sintrum fan Snits. Der wie ek in traumahelikopter oproppen, mar dy hoegde net yn aksje te kommen. Hoe't it slachtoffer yn it wetter bedarre wie, koe de plysje noch net sizze.