Astronaut Kuipers yn Dronryp

24 feb 2013 - 15:31

Yn de tsjerke fan Dronryp hat astronaut André Kuipers snein in lêzing holden oer romtefeart. Hy wie dêrta útnoege fanwege de fiering fan de 269ste bertedei fan Eise Eisinga, dy't yn 1744 yn Dronryp berne waard. In 400 minsken wiene derop ôfkommen wêrûnder in soad jongeren. André Kuipers brocht foarich jier 193 dagen yn de romte troch om ûndersyk te dwaan. Hy rôp yn syn lêzing jongeren op in technyske stúdzje te dwaan omdat dêr ferlet fan is foar de takomst fan de planeet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)