Akkoart oer konflikt Agrifirm

Boeren hoege net te benaud te wêzen dat der gjin feefoer levere wurdt troch aksjes by feefoerfabrikant Agrifirm. Dy aksjes drigen omdat de goed 100 sjauffeurs oergean nei oare transportbedriuwen dêr't se minder fertsjinje soene en fleksibeler wurkje moasten. Mar de fakbûnen ha dêroer no in akkoart berikt mei de direksje. Der is in ferskaat oan ôfspraken makke om de oergong wat minder pynlik te meitsjen. Agrifirm hat ek in fabryk yn Drachten en dêr binne seis Fryske sjauffeurs yn fêste tsjinst.