Trochgean Cambuur ûnwis

SC Cambuur © Omrop Fryslân
It is noch ûnwis oft de wedstriid tusken Fortuna Sittard en Cambuur moandei trochgean kin. Op it fjild fan Fortuna leit sa'n 15 sentimeter snie. Moandeitemoarn sil de KNVB it fjild keure. As dat ûnder de snie flak is, kin der yn prinsipe spile wurde, mar dan moat de snie der wol ôfhelle wurde. "Een hels karwei" sa seit in wurdfierder fan Fortuna Sittard, dy't it trochgean fan de wedstriid taksearret op 40%-60%. Fortuna Sittard-Cambuur waard op 18 jannewaris fan dit jier ek al ôfsein fanwege de snie.
Cambuur is der yn de tarieding fanút gean dat de wedstriid gewoan trochgiet. Trainer Alfons Arts beskikt oer in hast folsleine seleksje. Allinnich de al lang blessearde Marco van der Heide en tredde keeper Rodney Ubbergen (gryp) ûntbrekke. Arts woe noch gjin opstelling bekend meitsje.