LDODK ferliest yn de 2e helte

23 feb 2013 - 22:01
  • k.v. LDODK

LDODK koe yn Driebergen thúsploech Dalto oant healwei goed partij jaan. By it skoft stie it 13-13. Nei 17-15 krige Dalto de guit en stie it samar 25-16. Dy tik kaam de ploech fan Jan Sjoerd Pool net mear te boppe. It ynbringen fan Markus de Boer en Sieta Bijker, foar Menno Russchen en Ryanne Nijholt, holp net genôch. Einstân 29-21. By de thúsploech wie Jelle Steenbeek mei acht goals de bêste skutter, Erwin Zwart makke acht foar LDODK. DeetosSnel en Nic binne de kommende tsjinstanners fan LDODK. Dan moatte de punten op De Gordyk helle wurde.

Yn de haadklasse ferlear Mid-Fryslân kânsleas mei 26-15 fan koprinner Dos'46. Yn sporthal De Twine fan Grou stie de ploech út Nijeveen healwei al rom op foarsprong: 15-6.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)