Einekoerflechtsjen yn 'e lift

23 feb 2013 - 17:12

Tal fan âlde ambachten binne yn 'e rin fan de tiid ferdwûn of steane op it punt om fergetten te wurden. Dêrom is koartlyn de feriening De Strampel oprjochte om it einekoerflechtsjen yn Fryslân te behâlden. Yn koarte tiid hat De Strampel al goed 50 leden en hawwe in pear 100 minsken in kursus folge. Sneon wie yn Poppenwier in demonstraasjedei. De einekuorren binne rûnom bekend, mar der binne net folle minsken mear dy't se noch meitsje. Feriening De Strampel besiket dat te stimulearjen troch it oplieden fan learmasters en it jaan fan kursussen.

Yn Poppenwier binne sneon in soad kuorren ferkocht. Moai op tiid foar it nije briedseizoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)