ONS spilet lyk tsjin Berkum

23 feb 2013 - 16:27

Koprinner ONS Boso Snits hat sneon mei 2-2 lykspile tsjin de nûmer 3 Berkum. Op Sportpark De Vegtlust yn Zwolle wie ONS lang de boppelizzende partij. De Snitsers krigen benammen de earste helte de bêste kânsen, mar fersommen te skoaren.

Ek nei rêst wie ONS de bettere ploech. Tsjin de ferhâldings yn wie it lykwols Berkum dy't de 1-0 makke. Mei in hurde pegel sette Martijn Roosenburg ONS op likense hichte. Fuort dêrnei soarge in flater yn de Snitser ferdigening foar de 2-1. Yn de slotfaze wie it Harvey de Boer dy't foar de einstân tekene.

Troch it lykspul bliuwt ONS koprinner yn de haadklasse C.

Harkemase Boys kaam sneon net yn aksje tsjin ACV. De froast hie it fjild op sportpark De Bosk ûnbespylber makke.

Trefwurden: 
fuotbal ONS haadklasse c
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)