De Jong pakt goud en sulver

23 feb 2013 - 15:22

Antoinette de Jong hat sneon it goud pakt op de 3 kilometer by it WK junioaren yn Collalbo. De Rottumse wûn yn in tiid fan 4.19.56. De Japanse Miho Takagi waard flak dêrefter twadde yn 4.20.30. De Switerse Kaitlyn McGregor einige mei in tiid fan 4.20.81 as tredde. Reina Anema fan De Gordyk sette 4.29.28 op 'e klok, goed foar it sechsde plak.

De winst fan De Jong op de 3 kilometer wie lykwols net genôch om Takagi fan har twadde allroundtitel ôf te hâlden. De 17-jierrige Rottumse einige as twadde achter de Japanse yn it einklassemint.

It brûns yn it einklassemint wie foar McGregor. Anema einige op plak sân. Takagi wie foarich jier yn it Japanske Obihiro ek al de bêste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)