Jorritsma sakket nei plak fiif

Gerben Jorritsma © awfoto.nl
Gerben Jorritsma is op de twadde dei fan it WK allround foar junioaren njoggende wurden op de 1500 meter. Op it bûteniis fan it Italiaanske Collalbo sette de rider fan it gewest Fryslân in tiid fan 1.52.90 op 'e klok. Paul-Yme Brunsmann waard tolfde mei syn tiid fan 1.53.94. De winst op de 1500 meter gong nei de Koreaan Jeong-Su Seo, dy't 1.50.27 klokte.
Yn it klassemint sakket Jorritsma troch de teloarstellende 1500 meter nei plak fiif. Brunsmann stiet alfde.