Fuotbalfroulju pakke 1e winst

SC Hearrenfean © ANP
De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean ha freed harren earste oerwinning yn de BeNe League pakt. Op eigen fjild waard mei 3-1 wûn fan FC Utrecht. De gasten út Utrecht kamen al betiid yn de wedstriid op foarsprong. Nei rêst wie it de ploech fan trainster Jessica Torny dy't it fizier op skerp hie.
Fuort nei it skoft sette Maruschka Waldus de 1-1 op it boerd. Nei in goed oere wie it opnij Waldus dy't Hearrenfean op foarsprong sette. Bernou Hylkema tekene krekt foar it einsinjaal foar de einstân.
Mei 3 punten út 3 wedstriden stean de froulju fan SC Hearrenfean op it fjirde plak yn de BeNe League B.