Ekstra hûnestrontbakken

Hûnestront © Omrop Fryslân
Frjentsjerteradiel wol 25 ekstra hûnestrontbakken oanskaffe. De gemeente docht dat nei evaluaasje fan de besteande oanpak fan hûnestront. Dêrút docht bliken dat de 60 hûnestrontbakken dy't der al stean, helpe by it tsjingean fan oerlêst. Ut in ynventarisaasje is nei foarren kaam dat in tal wiken en doarpen yn de gemeente graach ekstra bakken ha wol. Der leit no in foarstel by de gemeenteried om dy oan te skaffen, dêr is sa'n 14.000 euro foar nedich. Foar dat bedrach krijt de gemeente ek noch in pear reservebakken.