'Ekstra warskôgings foar AED'

Ekstra warskôgings moatte foarkomme dat ek Fryske AED-apparaten haperje op it momint dat se it hurdst nedich binne. Dat seit Jacques Besseling fan Hartveilig Fryslân. Dy organisaasje soarget foar de alarmearring as ien in hertoanfal krijt en de help fan in AED nedich hat. De ynspeksje foar de sûnenssoarch makke freed bekend ferskate meldings binnen krigen te hawwen fan net wurkjende AED-apparaten.
Mei dy apparaten kinne minsken mei in skok en hertmassaazje besykje ien te reanimearjen. Mar troch gebrekkich ûnderhâld slagget dat net altyd.
De AED's binne yn de ôfrûne jierren op ferskate plakken yn de provinsje ophongen, faak mei finansjele stipe fan de gemeente of ynstellings. Oer hoe't it dêrnei fierder moat is net neitocht. It behear moat dien wurde troch de frijwilligers. Hartveilig Fryslân hat in mailingsysteem betocht wêrtroch alle behearders fan de Fryske AED's rom op 'e tiid in berjocht krije dat de AED oan ûnderhâld ta is.