Man skopt tsjin fytsen

22 feb 2013 - 19:39

In 23-jierrige Ljouwerter is freedtemiddei oanhâlden om't er in agint misledige. De man soe op de Weaze ûnder ynfloed fan drank tsjin fytsen oan skopt hawwe. Doe't aginten him oansprutsen op syn gedrach waard er hieltyd agressiver en misledige dêrnei ien fan de plysjes.

De man fersette him bot doe't de aginten him oanhâlde woene. Hy is meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
plysje mislediging plysjenijs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)