Kening Willem komt op 14 juny

© ANP Robin Utrecht
Kening Willem-Alexander komt op freed 14 juny nei Fryslân. Dat hat kommissaris Jorritsma fia twitter bekend makke. Kening Willem-Alexander en syn frou keninginne Máxima meitsje nei de kroaning op 30 april in rûnreis troch Nederlân. It selskip docht Fryslân de moarns oan.
Hoe't de besite oan Fryslân der krekt útsjen sil, is noch net bekend. Neffens in wurdfierder fan de provinsje hinget dat ôf fan de rjochtlinen fan de ryksfoarljochtingstsjinst RVD.