Oanriding by oprit Wâldwei

© Omrop Fryslân
By in oanriding op de Wâldwei by Drachten is tongersdeitemiddei in frou út Wolvegea ferwûne rekke. Se wie passazjier fan in auto dy't krekt de wei opriden wie en doe mei in gong fan 100 kilometer yn 'e oere fan achteren oanriden waard. Dy auto waard bestjoerd troch in 28-jierrige man út Surhústerfean.
De frou út Wolvegea rekke ferwûne oan de nekke. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De oare ynsittenden hiene gjin letsel.