Brantsje yn skoalle Haulerwyk

22 feb 2013 - 14:06
  • Brân

Yn de brede skoalle yn Haulerwyk hat freed oan it begjin fan de middei in lyts brantsje west. It fjoer is oan de bûtenkant fan it skoalgebou begûn, mar luts al gau de spoumuorre yn. De brânwacht moast in part fan de muorre ôfbrekke om by it fjoer te kommen. Dat koe dêrnei al gau útmakke wurde.

Neffens de plysje is der sprake fan brânstifting. Se dogge ûndersyk. Fanwege de fakânsje wiene der op it stuit fan de brân gjin bern yn it gebou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)