Help foar jonge wurkleazen

22 feb 2013 - 12:22

De provinsje Fryslân makket in aksjeplan om wurkleazen oan it wurk te helpen. It plan sil spesjaal de klam lizze op de oanpak fan de wurkleazens by jongerein. It sintraal planburo CBP makke tongersdei bekend dat de jeugdwurkleasheid lanlik oprûn is ta 15%. Dat is twa kear sa heech as oars.

Yn Fryslân sieten ein ferline jier goed fjouwertûzen jongeren sûnder wurk.

Neffens de Ljouwerter wethâlder Andries Ekhart, dy't ek foarsitter is fan in stjoergroep dy't him dwaande hâldt mei de wurkleazens yn de provinsje, is der yn Fryslân al in pear jier ekstra oandacht foar wurkleazens ûnder jongerein.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)