Accell: mear omset yn 2012

De omset fan fytsefabrikant Accell Group op It Hearrenfean is yn 2012 omheechgien. De omset gie yn fergelyk mei it jier dêrfoar mei 23% omheech, nei goed 772 miljoen euro. Dat komt ûnder oare trochdat der mear elektryske, sportive fytsen ferkocht binne, benammen yn Dútslân. Fierders spilet de oername fan Raleigh in rol.
Elektryske fytsen wurde noch hieltyd populêrder. De ferkeap derfan beslacht in tredde part fan de omset. It netto resultaat fan it bedriuw wie wol minder as it jier dêrfoar. Dat gie mei 17% omleech nei goed 26 miljoen euro.