Folsgeare wol pleats rêde

Doarpsbelang Folsgeare wol in monumintale pleats krekt bûten it doarp rêde fan de ûndergong. De pleats waard fjouwer jier lyn opkocht troch de gemeente en is sûnt doe bot fertutearze rekke. De gemeente Súdwest-Fryslân hat de pleats opkocht omdat it nije bedriuweterein De Hemmen III dêr omhinne komt te lizzen. Foar de pleats sels is noch gjin bestimming fûn. Dêrom sil doarpsbelang dêr sels nei op syk.
Neffens doarpsbelang soe der bygelyks in bernebuorkerij of in maneezje yn kinne. Derfoar moat de pleats earst wol opknapt wurde. Ek de gemeente wol de pleats wol behâlde, mar lit dat wol ôfhingje fan de bestimming.