'Griene muorre' op terrein IBF
Der komt beplanting oan de râne fan it ynternasjonale bedriuweterrein IBF op It Hearrenfean. Dêrmei moatte de nije suvelfabriken dy't dêr komme, út it sicht helle wurde.
Om de beplanting mooglik te meitsjen moat it bestimmingsplan wol feroare wurde. Der wurdt tocht oan beplanting yn singels of yn in stripe bosk.