'Ljouwert bliuwt justysjestêd'

21 feb 2013 - 15:55
  • Daan Keur, rjochtbankpresidint Ljouwert

Ljouwert bliuwt in folweardige justysjestêd. Dat seit Daan Keur, sûnt 1 jannewaris de nije rjochtbankpresidint yn Noard-Nederlân. Hy reagearret dêrmei op lûden dat nei in fúzje fan de rjochterlike macht de rol fan de Fryske haadstêd útspile is.

De rjochtbanken fan Assen, Grins en Ljouwert binne begjin dit jier opgien yn ien nije organisaasje: de rjochtbank Noard-Nederlân. De heechste baas fan de rjochtbank kin him fine yn de resinte lanlike ûntwikkelings: mear iepenheid nei publyk en parse, en dat slachtoffers in gruttere rol spylje.

Yn Ljouwert lizze ûnderwilens de draaiboeken al klear foar de rjochtsaak-Vaatstra. Nije wike woansdei is de earste saneamde pro-forma-sitting. Der wurdt dan in tuskenstân jûn fan it ûndersyk nei fertochte Jasper S., mei ûnder oare in psychiatrysk rapport. De ferwachting is dat letter dit jier it ynhâldlike proses komt. De net ynhâldlike pro-forma-sitting lûkt ek al in soad parse. Der binne al 22 sjoernalisten út binnen- en bûtenlân oanmeld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)