Jenning Huizenga fiifde op WK

Jenning Huizenga © awfoto.nl
Jenning Huizenga is op it wrâldkampioenskip baanhurdfytsen yn Minsk fiifde wurden op de yndividuele efterfolging. De 28-jierrige Frjentsjerter, yn 2008 noch twadde op it WK, ried 4.23,278 en dat wie krapoan in heale sekonde te stadich om te striden foar it brûns. De Australiër Michael Hepburn (4.18,456) en de Ier Martyn Irvine (4.20,260) sille yn de jûnsoeren stride om it goud. Om it brûns fytse Alexander Morgan fan Australië en de Switser Stefan Küng.