Fertochte sjitterij frijlitten

21 feb 2013 - 14:32
  • Sjitpartij Easterwâlde

De fertochte dy't fêstsiet foar de deadlike sjitpartij yn Easterwâlde, is frijlitten. Hy bliuwt noch wol fertochte. Dat lit it Iepenbier Ministearje witte.

Heal jannewaris waard de 29-jierrige fertochte op de Hoge Esch yn Easterwâlde oanhâlden, neidat dêr sketten wie. In 51-jierrige man út Easterwâlde kaam dêrby om it libben. Hy waard fûn yn de tún fan minsken dêr't er op besite wie. Yn it hûs fan dy minsken waard in grutte partij himp fûn dy't yn plestik pûden ynpakt wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)