Gjin wizigings by SC Cambuur

Sportklup Cambuur spilet freed tsjin Den Bosch yn deselde basisopstelling as ôfrûne moandei tsjin Eindhoven. Dy wedstriid waard mei 1-0 wûn en trainer Alfons Arts sjocht gjin reden om syn alvetal te wizigjen.
Den Bosch wie dit seizoen al twa kear te sterk foar Cambuur. Sawol foar de kompetysje as foar de beker waard ferlern troch de Ljouwerters. 'Maar van revanche nemen is geen sprake', seit trainer Alfons Arts, 'het is gewoon een wedstrijd die we moeten winnen.'
Yuri Rose sit foar it earst sûnt wiken wer by de seleksje. Hy komt werom fan in blessuere en sit op de bank. Foar Mark Diemers komt de wedstriid tsjin Den Bosch noch te betiid. Hy is hast hersteld fan in skuorke yn de earmtakke en makket nei alle gedachten nije wike syn rentree yn de Cambuur-seleksje. Marco van der Heide hat noch altyd lêst fan de holle nei in harsenskodding. Arts: 'Het gaat maar niet over en dat baart me wel zorgen.'