Sluting ferpleechhuzen driget

Leechstân en sels sluting driget by fersoargings- en ferpleechhuzen yn Fryslân, no't it ryk wol dat âldere minsken langer thús wenjen bliuwe. De soarch yn fersoargingshuzen wurdt net langer fergoede en sil ferdwine. It nije belied fan it ryk soarget derfoar dat fan de twatûzen tehuzen yn Nederlân achthûndert tichtgean. Dat hat Buro Berenschot berekkene.
Soarchynstellings tinke deroer nei wat se dwaan moatte mei de besteande tehuzen. Noorderbreedte bout se mooglik om ta hierapparteminten.
Yn de hierapparteminten yn fersoargingshuzen kinne bewenners dan AWBZ of partikuliere soarch krije. Noorderbreedte is de grutste oanbieder fan fersoargingshús- en ferpleechhúshelp yn Fryslân.