Fryske âlderein ek 'plukt'

21 feb 2013 - 11:21

Yn Fryslân wurdt âlderein ek finansjeel misbrûkt troch famylje, kunde of mantelsoargers. Dat seit notaris Anna de Vries fan Oerterp. Ut ûndersyk oer hiel Nederlân docht bliken dat alle jierren 30.000 âlderen slachtoffer wurde fan finansjeel misbrûk. Notarissen moatte wach wêze op dat probleem. As in famyljelid mei in âldere by de notaris komt om it testamint te feroarjen, dan moat de notaris derom tinke.

Krekte sifers oer finansjeel misbrûk yn Fryslân binne der net, mar it probleem spilet hjir wier wol, seit De Vries.

Trefwurden: 
Oerterp âlderein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)