Hurdrinner mishannele

21 feb 2013 - 10:37

In hurdrinner fan 21 jier út Rinsumageast is woansdeitejûn mishannele. Op de Heechfinne bûten it doarp waard er útskolden troch de beriders fan trije scooters dy't him fan achteren ynhellen. Ien fan de scooterriders liet him stroffelje. Dêrnei waard de hurdrinner troch fiif persoanen tsjin it boppelichem skopt.

De plysje siket tsjûgen fan de mishanneling. Sy kinne belje mei 0900-8844.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)