Skopt en slein op strjitte

Geweld © Omrop Fryslân
Yn Ljouwert is woansdeitemiddei in 37-jierrige frou slein en skopt troch in man fan 26 jier. Hy spruts har oan op de Spoarstrjitte en joech har klappen op de holle. De frou foel dêrtroch en doe skopte de man har ek noch in pear kear. De frou koe fuortkomme, omdat de man ôflaat waard troch in toeterjende auto.
De man is oanhâlden troch de plysje. Hy wie bot ûnder ynfloed fan drank en drugs.